Mondadori Store

Trova Mondadori Store

Benvenuto
Accedi o registrati

lista preferiti

Per utilizzare la funzione prodotti desiderati devi accedere o registrarti

Vai al carrello
 prodotti nel carrello

Totale  articoli

0,00 € IVA Inclusa

De sunde fan haitze holwerda

Ulbe van Houten
pubblicato da Elikser B.V. Uitgeverij

Prezzo online:
6,00

Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr't de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder dien is as foarsjoen jout er de Bilkerts dien, tsjin de ôfspraken yn. It konflikt rint heech op. By einsluten moat de greidboer belies jaan en komt er ta ynkear. Hy docht net allinne de arbeiders rjocht, mar fersoenet him ek mei syn God. Van Houten syn iennichste roman is in begryp yn de Fryske literatuer. It boek ferskynde foar it earst yn 1938 en belibbe in tsiende druk yn 1991. Dizze alfte printing is de werútjefte fan de njoggende printing út 1983. As men sjen litte wol dat net elke roman oer it boerelibben in 'boereroman' yn de mispriizgjende sin fan it wurd hoecht te wêzen, kin men hast gjin better foarbyld neame as de 'Sûnde'. Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant. Ik hie leaver hân dat Van Houten net in stumperige Haitze, mar in echte rotsak beskreaun hie, en dat er dy figuer net mei mylde humor, mar mei frettend sarkasme temjitte kommen wie. Doch, dat moat ik tajaan, 'De sûnde' is troch it begekjen fan dy konservative opfattingen maatskippijkritysker as alle boereromans fan it foaroarlochske tiidrek. Trinus Riemersma yn De Kul (omstavere)

Dettagli down

Generi Romanzi e Letterature » Romanzi contemporanei

Editore Elikser B.v. Uitgeverij

Formato Ebook con Adobe DRM

Pubblicato 17/04/2012

Lingua Frisone

EAN-13 9789089543844

0 recensioni dei lettori  media voto 0  su  5

Scrivi una recensione per "De sunde fan haitze holwerda"

De sunde fan haitze holwerda
 

Accedi o Registrati  per aggiungere una recensione

usa questo box per dare una valutazione all'articolo: leggi le linee guida
torna su Torna in cima