Mondadori Store

Trova Mondadori Store

Benvenuto
Accedi o registrati

lista preferiti

Per utilizzare la funzione prodotti desiderati devi accedere o registrarti

Vai al carrello
 prodotti nel carrello

Totale  articoli

0,00 € IVA Inclusa

As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen. Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiiddêr't de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoaren yn 2011 Simmer oan 'e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy't yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan nei't syn ferkearing yn Grins útskuord is. De romans spylje allegearre yn it akademysk fermidden. Mei de roman Eksamenjierslacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy't op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy't se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

Dettagli down

Generi Non definito

Editore Elikser B.v. Uitgeverij

Formato Ebook con Adobe DRM

Pubblicato 22/10/2015

Lingua Frisone

EAN-13 9789089547859

0 recensioni dei lettori  media voto 0  su  5

Scrivi una recensione per "Eksamenjier"

Eksamenjier
 

Accedi o Registrati  per aggiungere una recensione

usa questo box per dare una valutazione all'articolo: leggi le linee guida
torna su Torna in cima