Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as "Het donkere bos" foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha.
Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen!
En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan.
Wat dat is? Dan silst nei it boek hearre moatte...